Bram Stoker
Abraham (Bram) Stoker (Dublin, 8 novimber 1847 – Londen, 20 april 1912) wie in Iersk skriuwer bekend om syn sensasjonele ferhalen yn it horrorsjenre. Syn namme is foaral ferbûn mei it boek "Dracula" út 1897. Dêrneist skreaun er ek noch mysterieuze romantyske ferhalen.
Stoker hat in protte siik west in syn jonge jierren. Hy studearre oan de Universiteit fan Dublin skiednis, letterkunde en wis- en natuerkunde. Syn neifolgjende baan as amtner befoel him min, dat hy de sjoernalistyk yn gie. As teaterkritikus kaam er yn'e kunde mei de ferneamde akteur Henry Irving, mei wa't er befreone rekke en dy't er begeliede op yn- en útlânske toernees. Ek wie Stoker lang manager fan Irvings Lyceum-theater yn Londen. Troch syn wurk en reizgjen hie er kontakt mei tal fan bekende artysten en lju út hegere maatskiplike fermiddens.
Stoker syn fampierferhaal Dracula is faak ferfilme. De ynspiraasje dêrfoar fûn er yn in al besteand fampierferhaal fan John Polidori. De legindes oer de wrede midsieuske Walachijske hearsker Vlad Tepes, dy't as Drakula bekend wurden is, hawwe dêr lykwols net folle mei te krijen.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- The snake's pass (1891)
- Dracula (1897)
- The mystery of the sea (1902)
- The Jewel of Seven Stars (1903)
- A life of Irving, in biografy oer Irving (1906)
- Famous imposters (1910)
- Dracula's guest (1914, ferhalen)