Guinee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
République de Guinée
Flagge fan Guinee Wapen fan Guinee
Flagge Wapen
Lokaasje fan Guinee
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Konakry
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
km²
0,7­%
Ynwenners
Munt Guineese frank (GNF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 2 oktober
Lânkoade FIN
Ynternet .gn
Tillefoan 224

Guinee is in lân yn West-Afrika. De haadstêd is Konakry.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Lizzing

Guinee wurdt begrinzge troch:

[bewurkje seksje] Lânskip

Guinee hat de foarm fan in brede bôge. Fan de Golf fan Guinee, dêr't lân in kustline fan 320 km mei hat, strekt it lân him út nei it noarden ta en fan dêrôf nei it easten en súdeasten. By de kust is it lân sawat flak en rint dan fuort omheech nei in maksimum 1500 meter hichte, de heechflakte fan Fouta Djalon, dat it boarnegebiet is fan de rivieren Senegal, Niger en Gambia. Yn eastlike rjochting wurdt it bercheftich gebiet flakker. De heechste pyk is Mont Nimba (1752 meter).

It kustgebiet is sompich wylst yn it noardeasten de savanne oerhearsket en yn it súdeasten it tropysk reinwâld.

[bewurkje seksje] Skiednis

It folk fan de Fulbe, in nomadefolk fan hoeders, bea ieuwenlang mei sukses tsjinstân oan de machtige riken fan Gana en Maly yn Guinee. Ein 19e ieu waard it gebiet in Frânske koloanje en makke diel út fan Frânsk West-Afrika. Nei de ûnôfhinklikens yn 1958 waard in ienpartijstelsel ynfier mei Sekou Touré as presidint, dat yn 1984 ûngedien makke waard troch in militêre kûp. Hy waard opfolge troch Lansana Conté, generaal fan it leger. De nije republikeinske grûnwet fan 1991 late yn 1993 ta de earste demokratyske ferkiezings. Sûnt 2006 waard de macht fan Conté bedrige troch stakings en opstannen.

Op 23 desimber 2008, ien dei nei de dea fan presidint Conté, naam it leger op 'e de macht troch middel fan in steatsgreep. Kapitein Moussa Dadis Camara ferkleare him de dei dernei presidint.

[bewurkje seksje] Demografy

[bewurkje seksje] Befolking

Nasjonale Ballet fan Guinee tidens Afrika-Wike 1962. Boarne: Deutsches Bundesarchiv, Bonn

Der wenje nei skatting goed 10 miljoen minsken yn Guinee, de befolking omfiemet ûngefear 24 etnyske kloften. De grutste binne de Fulbe of Fula (40%), de Mandinka of Mandingo n it easten (30%) en de Sûsû yn it westen (20%).

[bewurkje seksje] Taal

De offisjele taal fan it lân is Frânsk, mar alle etnyske kloften praten harren eigen taal.

[bewurkje seksje] Godstsjinst

Goed 85% fan de befolking is moslim (Soennieten), 10% is kirsten (benammen Roomsk-katolyk) en 5% is Animist (natoergodstjinsten).

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen